Doarpskrantsje Easterein wint priis

Wommels

It doarpskrantsje Easterein hat de priis wûn foar de bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk 2015.

Op de Nijjiersresepsje fan de gemeente Littenseradiel hat boargemaster Johanneke Liemburg in priis fan €250,00 útrikt oan de redaksje fan ‘It Doarpskrantsje’ út Easterein foar de bêste Frysktalige bydrage oan de 'doarpssjoernalistyk' yn 2015. De twadde priis gong nei de Baarder Kat út Baard en De Hiele Toer fan Jorwert wûn de tredde priis. Karkommisje De ‘Karkommisje Frysktalige doarpssjoernalistyk Littenseradiel’ dy’t alle bydragen besjoen hat, bestie út Djoke Kooijmans út Wommels, Sjoerd Bottema út Weidum en Jan Schotanus út Easterwierrum. Yn totaal waarden der 179 stikken ynstjoerd nei de kommisje, dy’t de swiere taak hie dêr de trije bêsten út te sykjen. Sjueryfoarsitter Sjoerd Bottema: ,,De taname fan it tal Frysktalige bydragen oan ús doarpskranten hat him trochsetten: yn 2013 wiene der 126, yn 2014 wiene der 161 en fan it jier kamen der 179 stikjes by de sjuery binnen.”

Auteur

redactie